Plaatsnaambord Skarsterbrege - Scharsterbrug

Skiednis fan Skarsterbrege


Skarsterbrêge is yn de 18de ieu as lytse koloanje as útbuert fan Ouwsterhaule en Ouwster-Nijegea op de Skarren ûntstien, op de krúzing tusken in dyk en in feart. Yn de 18de ieu waard, ter ferfanging fan in droechfallen feart, de Skarster Rien groeven foar de turffeart. Yn de Skarren moast in (tol)brêge komme foar de krúzjende dyk.

 

Yn de "Tegenwoordige Staat van Friesland" waard yn 1788 by Oldeouwer skreaun: "Johannes Assema, en die van Douma en Solkama deeden den reeds gemelden Nieuwen Rhyn graaven; en dewyl hier door eene nieuwe doorvaart wierd geopend, die veel bekwaamer was, dan de door droogte verlamde Oude Rhyn, tot het vervoeren van turf, die hier in groote menigte plag gegraaven te worden, hebben de Staaten van den Lande Oktrooi verleend aan de Eigenaars, doorgaans Rhynheeren genaamd, om een' tol van twee Stuivers te mogen heffen van ieder Schip, dat vaaren zoude door de brug, welke door hen gelegd was over gemelde vaart, door den Ouwster rydweg, van de Joure naar Sloten loopende, en naar de Scharren, een buurtje van verscheiden boerehuizen, niet verre van daar gelegen, de Scharster brug genaamd; gelyk deeze tol daar nog heden betaald wordt, aan de Herberg, by deeze brug staande." De dyk wie yn it begjin gewoan in paad, mar yn de 19de ieu waard in kuenstmjittige dyk oanlein, dy't Doanjewerstal en Haskerland ferbine soe.

 

Oan'e ein fan de 19de ieu kaam der in grutte molkfabryk, de Maatskippij Hollandia, dy't lang Vlag draait hat. De fabryk is meardere kearen fernijd en útwreiden; de âlde fabrykspiepe sjocht noch werom nei froegere tiiden. Oan de Hollandiastrjitte steane de lange rijen arbeiderswenningen fan griis en roze kalksânstien, dy't it bield fan it doarp bepale.

 

Oan de Sint Nykster kant fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. It herfoarmde tsjerke is yn 1914 troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapensea ûntworpen yn in behearste Berlagiaanse stijl en mei dekoratieve keramyske sier fan kuenstner Willem Brouwer út Leiderdorp.

 

Bron:

419x Friesland, Van Slijkenburg tot Moddergat

Auteur: Peter Karstkarel

Uitgegeven 2005: Uitgeverij Noordboek

 


 

It wurd "skarren" komt fan de oarspronklike landerijen, dy't mienskiplik brûkt waarden troch boeren foar it hea of it weidzjen fan fee. 

 


 

Taheakke noch in kranteknipsel fan 1955 oer de namme Skarsterbrêge .