Skip to main content

Biljartvereniging “De Trije Kûgels”

De âldste biljertklup fan Skarsterbrêge. Oprjochte om-ende-by 1965.

Earst siet de klup yn kafee It Anker. Se binne doe ferhúze nei Hjir Ist en letter wer werom kommen nei It Anker. Ein 2001 is it Anker ferkocht en koe de klup fierder yn Hjir Ist.

Op it stuit binne der 16 leden en bestiet it bestjoer út:
Foarsitter: Tjits Agricola
Sekretaris: Kees Agricola
Ponghâlder: Maaie Hoekstra