Skip to main content
Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Klompkesilen

16 augustus @ 14:00 - 17:00

Elkenien hat wolris heard fan “Klompkesilen”, mar wat hâld dat no krekt yn?

No dat sille wy jim fertelle. Dit is een hiel âlde tradyzje yn Fryslân, troch de jierren hinne is der een stifting oprjochte dy’t dit wrâldwiid makke hat troch der in ienheidsklasse fan te meitsjen; alle klompkes deselde maten en gewichten foar in earlyke striid.

It is prachtich om te sjen en te belibjen hoe’t de klompkes tagelyk te wetter gean.

Sa’n klompke kin net samar te wetter, dy moat earst noch ynelkoar set wurde.

Troch sels te bouwen mei in freon of familylid oan jo eigen klompke, krijt dit klompke in eigen identiteit mei in bysûnder ferhaal.

Ek nei dit ferhaal binne wy nijsgjirrich en meie jo it diele mei it doarp.

In leuk kado foar heitedei, poppeslok, jierdei of gewoan as fakânsjebezichheid op de kemping. Foar dielname is gjin leeftyd beheining, fine jo knutselje en ferfje leuk, doch dan gewoan mei.

Wa’t op’e tiid begint, kin in pracht eksimplaar delsette op de wedstriiddei by de haven fan Skarsterbrêge.

Wy begripe dat jim net wachtsje kinne om te begjinnen oan dit projekt, dêrom hawwe wy alfêst 19 klompkes nei skarsterbrêge helle. In tas fol mei alle spullen dy’t jo nedich hawwe foar een komplete klomp, it ienichste wat jo noch yn hûs helje moatte is wat lym en ferfe.

Hast er nocht oan?
Fan hjoed ôf te ferkrijen!

Skilje dan mei:
Roelof Klos: 06-54297903
Rintsje Hoekstra: 06-55837959

Wy bringe dan it boupakket by dy thús.

Dizze earste boupakketten binne te ferkrijen foar € 30,- (yn de winkel € 40,-).

Graach kontant gepast betelje.

Groetnis FKB

Gegevens

Datum:
16 augustus
Tijd:
14:00 - 17:00

Organisator

FKB

Locatie

Haventerrein
Trijegea 3
Scharsterbrug,8517 HZNederland
+ Google Maps